Takomstig útsjoch Gaasterlân?

Uitzicht Gaasterland op het IJsselmeer met een geprojecteerd zandwin eiland.

Wer giet dit oer?

In grutsânwinbedriuw, Royal Smals, hat besluten foar de kust fan Gaasterlân meiyndustriele sânwinning te begjinnen. Dêrta bouwe se 4,5 km fan de kust in keunstmjittich eilân mei bedriuwsgebouwen fan 22 meter heech en 100 meter breed. De sânwinpunt beslacht 250 hektare en wurdt oant in djipte fan 60 meter ôfgroeven. Dy yndustry sil 30 jier lang 24 oeren per dei, 7 dagen per wike yn wurking wêze, dei en nacht lûden, dei en nacht ljocht, dei en nacht fersmoarging.

Kaart met de voorgestelde zandwin locatie.

Gaasterlân is beskerme as nasjonaal lânskip. De Iselmar is in ynternasjonaalbeskerme natuergebiet ûnder de Jeropeeske rjochtline Natura 2000. Dat is in netwurk fan beskerme gebieten yn Jeropa, mei de weardefolste en meast bedrige soarten en har libbensgebieten. De foar de kust lizzende wetlands fan Gaasterlân binne beskerme as Nasjonaal natuerreservaat.

It Ryk en demienskiplike Provinsjes hawwe reade, blauwe en griene gebieten yn ‘e Iselmaroanwiisd. Yn de griene gebieten soe sânwinning kinne mar yn ‘e reade gebieten allinich as der abselút gjin alternativen binne.

Krekt yn sa’nread gebiet binne it Ministearje fan Rykswettersteat en Smal fan doel om de yndustriele sânwinnng te begjinnen. Dat is ûnbegryplik. Yndustriele sânwinning heart net yn in beskerme natuergebiet. Dizze aktiviteit sil skealik wêze foar 250 hektare libbensgebiet fan fûgels en fisken.

It is ek skealik foar de minsken dy’t yn Gaasterlân libje of rekreëarje. Har leefberens wurdt oantaasten troch de lûd- en ljochtfersmoarging en it ferlies fan ROM SICHT oerde Iselmar.

It ûnderskiedende karakter fan Gaasterlân en de natuerlike skjintme fan ‘e Iselmar, dat sil foaraltiten feroarje as dit katastrofale plan troch giet.

De kombinearre Natuerorganisaasjes, de Nederlânske Fiskersbûn en de bewenners fan Gaasterlân freegje it Ministearje fan Rykswettersteat en de gemeenteried fan De Fryske Marren net mei dit plan yn te stimmen.

Asjeblyft help dit plan te ferhinderjen en tekenje de petysje!